2008 - Poort opgeknapt
1994 - De 'nije' jongensgarde
2006 - Evert en Gerardus
1992 - Prijswinnaars
2011 - cabaret
2013 - Thús yn Blauhús
2013 - Kerkdienst
2006 - Optocht

De Fyfkes

Karnavalsferiening Sûnt 1968

2011 - Reunie
2009 - Kindercarnaval

Oer

Fyfkesryk

Blauhús hat in soad feesten, wie kin bygelyks de Blauhúster Merke en it Túnfeest net. Ien kear yn it jier kin it allegear noch krekt even wat gekker. Ast der foar it earst bist, wist net wat ast sjochst. Elk ier rûn febrewaris, maart dan is it safier. Dan tovert de prins der Fyfkes Blauhús om yn it Fyfkesryk. Kompleet mei page, optocht, feestburcht in natuerlik de HOTSEKNOTSE polonêze. Trije dagen lang in doarp op stelten. Foar alle leeftiden is der wat, fan jongste oant i mei it Teatskehús. Kwart seint feest foar hiel Blauhús en omkriten.

 

 

Wer komt karnaval wei?

Yn febrewaris sille in protte minsken wer karnaval fiere. Karnaval giet foarôf oan de fjirtich-dagen-festetijd en Peaske. It wurd fiert troch Roomsen. Dit jierlikse feest fan dûnsjen, drinken en wille meitsjen hat oarspronklik neat mei de Peaske te krijen. De âlde Gryken fierden yn febrewaris ek al feest. Foar harren betsjutte dit de earste moanne fan it jier en it ein fan de winter.

Nei it begjin fan de jiertelling hat karnaval de hjoeddeistige betsjutting krigen, mar is troch de ieuwen hinne wol in soad feroare. Foarhinne duorre karnaval mar ien dei, hjoeddedei binne dit it yn Blauhús trije. Yn it suden fan it lân duorret it hast wol in wike.

 

 

Healwiis

It sifer 11 stiet sintraal binnen it karnaval. It is it getal fan healwizen(s). Sa is der bygelyks de rie fan alve en de alfde fan de alfde.

Karnavalferienings yn Nederlân datearje pas fan nei de Twadde Wrâld – oarloch. Elts jier komme hja op 11 novimber byinoar om in begjin te meitsjen mei de karnavalsaktiviteiten.

 

 

Foardat it los kin

Der moat hiel wat barre foar it karnaval wier los kin. De organisaasje moat dan ek yn goede hannen wêze. De Fyfkes ha in tyk bestjoer. Hja sette de grutte linen út. Sy soargje bygelyks foar de muzyk, gearkomsten, optocht, prizen en kontinuïteit fan it karnaval yn Blauhús. Nei de alfde fan de alfde wurdt de Prins keazen. Dit bliuwt geheim oant it Karnaval. De Prins moat sels in Page freegje.

 

 

Kommisjes

Njonken it bestjoer en de Prins binne der ferskate kommisjes. Sa binne alle leden, sawol manlju as froulju yn ‘t spier.

De reklame- kommisje soarget goar it programma- boekje, de fersieringskommisje foar de fersiering en de optochtwein, de bernekarnaval- kommisje foar de sneintemiddei mei spultsjes, limonade en prizen foar de bern.

 

 

Op e foto

Ûnder it karnaval wurde der troch de hoffotograaf plaatsjes makke. De foto- kommisje jout eltsenien de kans om sa’n foto te keapjen. En dan binne der noch, mar net minder belangryk, it Garde en de boereploech. It Garde is moannen yn’t spier om mei it Karnaval mei harren dûns te skitterjen. En de boereploech is in stel entûsjaste leden dy’t mei it karnaval eltse jûn in healwiis optreden opfiere.

 

Priiswinners

Foar it karnaval yn Blauhús jild de olympyske gedachte, ‘mei dwaan is belangriker as winne’. Mar der is fansels ek in stringe jury. De jury sjút wa at der it moaiste en kreatyfst ferklaait is. Snein ûnder de optocht kin it publyk stimme foar de publykspriis.

 

 

Freed te jûn

In jûn fol fertier. Elk jier soargje de Fyfkes wer far nij spektakel. Troch minsken út it doarp en foar minsken út it doarp. It is de bedoeling dat der op dizze jûn altied in soad lake wurdt. Dit kin mei in stikje kabaret fan eigen boaiem, of in leuke spelshow mei hilarische ûnderdielen. Ferburgen kamera’s, strjitten die út fjochtsje wa at de beste strjitte is, niks giet de Fyfkes te fier foar in moai programma. De seal sit elk jier wer hielendal fol, dus de waardering is der seker.

 

 

Sneon te middei

Dizze middei stiet in’t teken far de wat âldere Blauhúster. Yn in middei fol ymprovisaasje wurd it Teatskehús kompleet op stelten setten. In hapke of in drankje, it ûntbrekt de Fyfkes en de bewenners dizze middei oan niks.

 

 

Sneon te jûn

Foardat it feest los giet, kin Blauhús earst far in boarreltsje nei pastor in de tsjerke. De tsjerketsjinst stiet kompleet in it teken fan karnaval, hast elkenien komt ferkleid. Dernei gean we nei de feestburcht foar de kostumearre jûn.

De Kostumearre jûn: Op dizze jûn kin it hast net gek genôch. Elkenien komt ferkleid en hat in bulte wille. Der wurdt folop feest fiert, de iene hotsknotse polonêze folget de oare.

 

 

Snein te middei

Bernekarnaval: Foardat de bern de seal in gean, is der in optocht troch it doarp. De prins, page in syn gefolch foarop folge troch al de bern en iderien die mei dwaan wol oan de publykspriis. Dan gean de bern de feestburcht in foar in middei fol fertier. Fol muzyk, dúns en natuerlik chips en limonade.

 

 

Snein te jûn

Dizze jûn wurdt it karnaval feestlik ôfsluten mei in feest far jongerein fanôf de basiskoalle. Spultsjes, muzyk, de garde dûns, koart sein de jûn is samar wer om.

Yn de tap is er dizze jûn foar de echte trochsetter live muzyk.

 

Kombord Fyfkesryk
1989 - Krantenknipsel
2010 - Teatskehús